Boazum: Dûnsskoalle nei Friesen-Droapen
BOAZUM De Dûnsskoalle Enequist fan Boazum wurket dit jier mei oan de 17de Ynterfryske Friesen-Droapen, fan 28 oant en mei 30 maaie op Hilgelân.
De Friesen-Droapen, foarhinne de Sternfahrt der Friesen, is in kultureel festival dat om ‘e trije jier hâlden wurdt foar de Friezen út de hiele wrâld, mar benammen út de trije Fryske regio’s: de Dútske Noard- en Eastfriezen en ús saneamde Westerlauwerske. Nij yn it programma fan 2010 binne in polityk kafee yn it Hilgelanner gemeentehûs en in Ynterfryske itensiederswurkwinkel.
De Fryske jongerein is dit jier ek wer goed fertsjintwurdige. Twa jongereingroepen fan de Boazumer Dûnsskoalle Enequist binne fan de partij en der wurde typysk Fryske sport- en spulaktiviteiten organisearre; foar Fryslân fersoarge troch de jeugd fan it FYK (Frysk Ynternasjonaal Kontakt).
Op ûnderskate plakken op it reade rotseilân binne optredens fan artysten út de trije Fryske gebieten. Ut namme fan ús Fryslân giet de Ljouwerter Skotsploech mei, lykas de artysten Rob du Jardin & Grytsje Kingma. Rob du Jardin wûn yn 2009 de publykspriis fan it Fryske sjongefestival Liet. Fierders hat elk genôch gelegenheid om it eilân op eigen gelegenheid te ûntdekken. Yn ‘e regel kinne boattochtsjes om Hilgelân makke wurde, it oanbuorjende eilantsje Düne kin besocht wurde, men kin oanslute by in fûgelekskurzje, in rûnlieding troch de bunkers of him deljaan yn ien fan ‘e Hilgelanner kroechjes en restaurantsjes. Boppedat is der in nagelnij swimbad en binne der in oantal musea op it belestingfrije eilân. Belangstellenden foar de Hilgelân-reis kinne har opjaan oant heal april.
It Friesen-Droapen wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting. Mear ynformaasje oer it Friesen-Droapen is te finen www.fryskerie.nl.
- 0.0/5 sterren
Meer headlines
- Rode brievenbussen vervangen
- PvdA-initiatief voor fietsenstallingen op schoolpleinen
- Sneek: Sneekse (29) overleden na ongeval
- Sneek: Geld en rookwaar buit bij inbraak tankstation
- Sneek: Autokrakers maken jacht op airbags
- Sneek: Grote partij gereedschap gestolen
- Sneek: Rinke van der Meulen overleden
- Wout Zijlstra gooit discus naar zilver
- Kruis en Duits twee en drie in Reahus
- Sneek: SP doet niet mee aan verkiezingen
- Hardhouten pannakooi uniek in Hommerts
- Kampioen Tom Otte hoeft niet te zwemmen
- Sneek blijft met koppijn achter
- Teleurstellende start LSC in Steenwijk
- Doelpuntloze rentree ONS Sneek
- Verjongd Waterpoort Boys verslaat DWP
- Puike start Nijland
- Rode kaart Toering breekt SDS op
- Sterke start Tom Otte op NK Yngling
- Jongen uit Sneek vernielt ruit
- Vrijwilligerswerk op Epema
- Goenga: Kaatsles voor schooljeugd
- Nijland: Kronkelspagetti mooiste wagen in optocht Nijland
- Sneek: Trage formatie kost Sneek geld
- Jirnsum: Ockels test laddermolen bij Jirnsum
- De Bogies treden op in Duitsland
- Sneek: Dagelijks spreekuur voor stomapatienten
- Voetbalbijlage
- Hommerts: Auto vat vlam in Hommerts
- Bekerhouder Sneek vliegt eruit
Reacties (0)
Plaats een reactieEr zijn nog geen reacties