Pier Vellinga op ‘Klimaat-Top” SWF
SNITS – De FNP organiseart moandei 13 febrewaris de Klimaat – Top Súdwest-Fryslân.
Ferline wike is bekend wurden dat partikuliere ûndernimmers omfangrike plannen hawwe om mear grutte wynmoleparken yn de provinsje te bouwen. It Ryk soe dat inisjatyf stypje wolle. Dat giet dwers tsjin it belied fan de Provinsje Fryslân yn, dy’t allinnich molens by de ôfslútdyk en It Hearrefean konsintrearje wolle. Deputearre Konst neamde de lobby al ‘in lytse oarloch’.
Dizze kwestje is ien fan de diskusjepunten op de troch FNP Súdwest-Fryslân organisearre 1e Klimaat Top Súdwest-Fryslân mei as titel ‘Nei in Enerzjy – Neutrale Maatskippij’ op moandei 13 febrewaris jûns 8 oere yn De Groene Weide yn Boalsert.
Sprekkers binne prof. dr. ir. Pier Vellinga, Wittenskipper en heechlearaar. Nasjonaal en Ynternasjonaal bekend as deskundige oangeande klimaatferoarings; Ing. Bouwe de Boer.
Enerzjy Koördinator, ûntwikkelt nije projekten foar Duorsume Enerzjy en Dr. Fred Jansen, Foarsitter Nasjonaal Kritysk Platfoarm Wynenerzjy.
Njonken de ynwenners fan Súdwest-Fryslân wurde politisy, organisaasjes en bedriuwen op it mêd fan duorsumens ek de inisjatyfnimmers fan de Lobby útnoege foar de Klimaat Top.